Fryske brêgen: Den Haag moat no trochpakke
Fryske brêgen: Den Haag moat no trochpakke
Provinciaal Belang Fryslân makket him soargen: de berikberens fan ús Provinsje stiet ûnder druk. Fryslân draait op goede ferbiningen, oer de dyk en oer it wetter. Meardere Rykprojekten yn de Provinsje steane ûnder druk, mar fjouwer Rykbrêgen springe der wat PBF oanbelanget út: Workumerdyk, Aldskou, Spannenburch en Koaten. Dizze moatte driuwend ferfongen wurde of grutskalich oanpakt wurde.
Dit binne gjin byfariken. Dizze brêgen binne de libbensieren fan it Fryske dykferkear en de skipfeart. Elke steuring, elke ôfsluting, betsjut omride, fertraging en skea foar ynwenners en ûndernimmers dy't dêr neat oan dwaan kinne.
PBF fynt: Den Haag moat dizze fjouwer brêgen no prioriteit jaan. Gjin fierder útstel, en Fryslân net wer achteroan yn de rige.
Goede ynfrastruktuer is gjin winsk, it is in basisfoarwaarde. Foar wenjen, foar wurkjen, foar ûndernimmen. Fryslân moat berikber bliuwe, oer de dyk en oer it wetter.