PBF bepraat Omjouwingsvisy yn Provinsjehûs

PBF bepraat Omjouwingsvisy yn Provinsjehûs

Steatelid Sandra de Jong en kommisjelid Ankie Speel wiene hjoed nammens Provinciaal Belang Fryslân sawol middeis as jûns oanwêzich by de kommisjegearkomsten yn it Provinsjehûs.

In wichtich ûnderwerp tidens de gearkomsten wie de Provinsjale Omjouwingsvisy (POVI). Dizze visy bepaalt foar in wichtich part hoe't Fryslân him de kommende jierren ûntwikkelet op it mêd fan wenjen, lânbou, natuer, enerzjy, berikberens en leefberens.

Foar Provinciaal Belang Fryslân is it wichtich dat sa'n omfangrike visy dúdlik en oersichtlik is, en dat helder is hokker karren no makke wurde en wat dêrfan letter de gefolgen binne.

Want úteinlik giet it net allinnich om plannen op papier, mar foaral om wat dy plannen betsjutte foar de ynwenners, ûndernimmers en boeren. En wat de POVI betsjut foar de stêden, de doarpen en it Fryske plattelân.

Dêr bliuwt de partij har hurd foar meitsjen. Mienskip op 1!

« Werom nei it nijs