PBF: gjin hegere opsinten, ynset op wenjen en feiligens

PBF: gjin hegere opsinten, ynset op wenjen en feiligens

Provinsjale Steaten bepraten ferline wike de Begrutting 2027, de lêste fan dizze Steateperioade. Oer in pear moanne geane de ynwenners fan Fryslân nei de stimbus. Provinciaal Belang Fryslân (PBF) set dêrom op in rychje wêr't de partij har foar ynset hat, en wat dêrfan telâne kaam.

Gjin ferheging fan de opsinten

Fryslân is in grutte provinsje. Foarsjenningen yn de doarpen binne net mear fanselssprekkend en it iepenbier ferfier is net altyd takrikkend. Foar in protte Friezen is de auto dan ek in needsaak. In hegere motorriichtugebelesting rekket harren berikberens én harren beurs.

De provinsje hat in oerskot op de begrutting en sit mei de opsinten al boppe it lanlik gemiddelde. In ferheging is dus net nedich, fynt PBF. Tegearre mei SP, VVD, JA21 en PVV tsjinne de partij dêrom in amendemint yn om de opsinten op it nivo fan 2025 te hâlden. Dat amendemint krige gjin mearderheid. PBF bliuwt him ynsette om de lêsten foar ynwenners net ûnnedich te ferheegjen.

Wenjen

Elkenien wol mear wenningen en 30% sosjale hier, mar wenningen bouwe je net mei ambysjes allinnich. Der wurdt wurke oan in regeling foar wenningbouprojekten dy't oars fêstrinne troch in ûnrendabele top. In goede stap, mar PBF fynt dat de provinsje der noch net is.

De partij hat him der hurd foar makke dat dizze ûnrendabele toppen oandacht bliuwe te krijen. Gemeenten, koöperaasjes en ûntwikkelders moatte witte hoefolle jild der beskikber komt en wannear't.

Feiligens en berikberens

It Ryk stelt opnij wichtige Fryske ynfrastruktuerprojekten út. Neffens PBF is it dêrom te mear fan belang dat de provinsje har eigen diken, brêgen en farwegen goed ûnderhâldt en bliuwt ynvestearjen yn berikberens.

Foar PBF is de kar dúdlik: feilige diken, brêgen en farwegen, gjin ûnnedige lêstferswierring en wenningbou dy't écht fan de grûn komt.

Gjin moaie wurden, mar konkrete resultaten foar Fryslân, seit de partij.

« Werom nei it nijs