PBF freget helderheid oer ynfrastruktuer Fryslân
Provinsjaal Belang Fryslân wie oanwêzich by de Steatemerk, ter tarieding op de behanneling fan de begrutting. De partij frege dêr ekstra oandacht foar in oantal wichtige ynfrastruktuerprojekten yn Fryslân.
Ien fan de ûnderwerpen wie Koarnwertersân. De ferfanging fan de brêgen giet troch, sa waard dúdlik. Oer de ferromming fan de slûzen bestiet lykwols noch gjin dúdlikheid: dat bliuwt ôfhinklik fan karren en finansiering vanút it Ryk. Foar Fryslân is it wichtich dat hjir gau helderheid oer komt, omdat it projekt fan grut belang is foar de skipfeart, berikberens en ekonomy.
PBF frege ek nei de situaasje om de bôchtferbreding by Frjentsjer yn it Van Harinxmakanaal hinne. De provinsje ûnderskriuwt it belang fan dizze oanpassing, mar der rinne noch petearen en in definityf beslút ûntbrekt foarearst.
Foar PBF is it wichtich dat dizze projekten net op de lange baan skood wurde. Goede ynfrastruktuer is neffens de partij essensjeel foar ynwenners, ûndernimmers en de berikberens fan de provinsje.
PBF bliuwt de ûntwikkelingen kritysk folgjen en sil hjiroer fragen bliuwe stellen.