Provinciaal Belang: Europeesk jild moat nei Fryslân
Platform Europa kaam ferline wike gear om de lêste Europeeske ûntwikkelingen te besprekken. Europa liket soms fier fuort, mar besluten yn Brussel hawwe direkte gefolgen foar Fryslân, bygelyks op it mêd fan lânbou, ynfrastruktuer, enerzjy, ekonomy en regionale ûntwikkeling.
Foar Provinciaal Belang Fryslân is it wichtich dat Europeeske middels wier telâne komme dêr't se it ferskil meitsje: yn de Fryske regio's, doarpen en mienskippen. Tagelyk folget de partij mei belangstelling de diskusjes oer de takomstige Europeeske begrutting en de ferdieling fan middels tusken Europa, it Ryk en de regio's.
Der lizze foarstellen op tafel foar in nije Europeeske meardierjierrebegrutting fan 2028 ôf. Dêrby is de manier wêrop't jild beskikber komt foar regio's folop ûnderwerp fan petear.
De ynset fan Provinciaal Belang Fryslân bliuwt helder: Europa mei gjin doel op himsels wêze. Ek Europeeske regeljouwing moat úteinlik yn tsjinst stean fan Fryslân en syn ynwenners.