Provinciaal Belang Fryslân bepraat koers rjochting 2027
Provinciaal Belang Fryslân hâlde justerjûn de Algemiene Ledegearkomste yn Oranjewâld. De gearkomste luts in goede opkomst en de leden toanden folop belutsenheid.
Tidens de gearkomste kamen ûnder oare de kampanje rjochting de Provinsjale Steatenferkiezings fan 2027, de gearwurking mei de fraksjes en it konseptferkiezingsprogramma oan bod. Vanút de Steaten folge boppedat in update oer de aktuele politike ûntjouwings.
It wie in goede jûn wêryn't de partij mei-inoar fierder bout oan in sterk Provinciaal Belang Fryslân.