Steatesilen trapt nij polityk seizoen ôf yn Langwar

Steatesilen trapt nij polityk seizoen ôf yn Langwar

Begjin septimber wie by Langwar it jierlikse Steatesilen, in Fryske tradysje wêrmei't it nije politike seizoen ôftrape wurdt.

Steateleden, kommisjeleden, fraksjemeiwurkers en de griffy gongen mei-inoar it wetter op. Njoggen willekeurich gearstalde teams stride tsjin inoar, mei ûnder oare de Kommissaris fan de Kening as skiedsrjochter.

Mei folop sinneskyn en in lekker seilwyntsje wie it in moaie dei op it wetter. De pleatslike seilferiening soarge derfoar dat alles goed ferrûn.

Efkes gjin gearkomsten en politike debatten, mar mei-inoar op it wetter. In moaie manier om inoar better te learen kennen en it nije seizoen sportyf te begjinnen.

Op nei in moai polityk seizoen!

Team Mindert: @brandsmartijn @nilsvm2.0 @nicoholtrop @sandra.dejongsnip en Teun

« Werom nei it nijs